Springe nei ynhâld

WikiBoeken:In nije side meitsje

Ut Wikibooks

Der binne op dit stuit twa manieren foar it oanmeitsjen fan in nije side.

In keppeling nei in lege side

[bewurkje]

Sjogge jo efter in wurd in fraachteken (of in reade link), dan is dat in al oanmakke keppeling nei in noch lege side. As jo dêrop klikke, dan ferskynt de bewurkingsside, mei in noch leech bewurkingsfjild. Yn dat fjild kinne jo nije tekst skriuwe. Dat kin daalks in folslein artikel wêze, of earst allinnich mar in oansetsje.

Binne jo ree, dan kinne jo ûnderoan by Gearfetting koart oanjaan wat jo skreaun hawwe. Mei "Earst oerlêze" kinne jo fan de krekt ynfierde tekst neisjen of't it noch oars moat. Jo krije dan in nije side yn foarbyld fan de nij oanmakke side. Omdat it bewurkingsfjild ek wer op de side stiet, kinne jo gewoan noch fierder mei tafoegjen en oanpassen. (Of it bewurkingsfjild boppen of ûnder stiet kinne jo oanpasse yn de brûkers-ynstellings.)

Binne jo tefreden, dan klikke jo op Fêstlizze. Dernei komt de festleine side yn byld.

In nije keppeling

[bewurkje]

Meitsje in nije keppeling op in side dy't wat mei jo nije mêd út te stean hat, of as it wurd al op dy side stiet, feroarje it dan yn in keppeling (Wikifisearje). Klik dan op it nije fraachteken (of de reade ferwizing) en meitsje in begjin mei de nije side. Sa kin men hieltyd nije stikken tafoegje.

Winken Wolle jo oan in hielendal nij mêd (boek) begjinne, dan is it baas en besykje earst fia it sykfjild, dat op eltse side stiet, út te finen of der al ien dwaande is mei dat mêd. Is it mêd noch nij in de Wikipedy, nim dan it rommere mêd wêr't it ûnder heart (faak in algemiene kategory, lykas Eksakte wittenskip of Kompjûter learboeken - is dy der noch net, meitsje dy dan earst oan (en sa fierder as dat nedich is, oant der in kategory komt dy't sa mei de Haadside keppele wurde kin). Meitsje in keppeling nei de nije side op in geskikt plak. Klik dan op Fêstlizze ûnderoan de side. Op de bewurke side komt no de nije keppeling, mei in fraachteken. Klik dêrop en jo kinne oan 'e slach! En no: Brân mar los en fiel jo frij!