Sealterfrysk/grammatika
Kdldmdmdmmd
Stavering
[bewurkje]De hjoeddeiske stavering is yn twa kear ûntstean. Hy is troch dr. Marron C. Fort gearstald foar it "Saterfriesisches Wörterbuch". Oars as eardere útstellen wie dizze stavering maklik lêsber, om't er tichteby dy fan it Dútsk bleau. Dizze stavering hat grutte letters ynfiert krekt sa't it Dútsk dy ek brûkt en de Dútske lûden mei umlaut. De lûden mei klamtekens, dy't ek ta dy stavering hearden binne yn'e njoggentiger jieren ferdwûn doe't de stavering oanpast is troch, ûnder oaren, de Westerlauwerske Fries Pyt Kramer.
Lûden
[bewurkje]It Sealterfrysk hat acht koarte lûden, dy't mear ofte mear ek yn it Dútsk foarkomme: a, ä, e, i, o, ö, u. ü.
De heallange en lange lûden wurde mei twa lûden stavere, de twalûden somtiden mei trije, en/of mei w: aa, ää, ai, äi, au, äuw, ee, eeuw, ie. ieuw, oa, öä, oai, oi, öi, oo, öö, ou, uu, üü.
Grutte letters
[bewurkje]Yn de Sealterfryske stavering is de Großschreibung, it gebrûk om haadwurden te begjinnen mei in haadletter, fan it Dútsk oernommen.