Deensk

Ut Wikibooks
In strjitte yn it plakje Ærøskøbing op it eilân Ærø yn Denemarken.

It Deensk (dansk) is in Noard-Germaanske taal mei likernôch 5,5 miljoen sprekkers. De taal wurdt as Ryksdeensk troch alle Denen brûkt; it is de offisjele taal fan Denemarken. Yn oare Deenske gebieten, de Faeröer en Grienlân, wurdt it troch in lyts part fan'e minsken brûkt, mar hat njonken harren folkstaal wol in offisjele status. Yn Sleeswyk-Holstein wennet der neist in Fryske minderheid ek in Deenske minderheid; yn Sleeswyk-Holstein hat it Deensk lykas it Noard-Frysk de status minderheidstaal.

It Deensk wurdt skreaun mei it Skandinavyske alfabet. Dit is in Latynske alfabet mei nei de z trije oare letters: Æ/æ, Ø/ø en Å/å. De letters q, w, x en z hearre net ta it Skandinavyske alfabet, mar binne yn it Deensk al yn it alfabet opnaam, om't hja somtiden brûkt wurde yn fremde of âlde wurden.

Sjoch de ynhâld.


Sjoch ek