Wikiboeken:Ienfâldich begjinne

Ut Wikibooks

Men moat altiten ienfâldich begjinne, en dit jildt ek by de Wikipedy.

Skriuwe oer in nij mêd der't al in keppeling foar is[bewurkje]

(As der noch gjin side is, dan is de keppeling yn de tekst allinnich in fraachteken efter it mêd, of in reade keppeling.)

  1. Klik op it blauwe fraachteken efter it mêd der't jo oer skriuwe wolle. Jo krije dan in lege bewurkingsside, mei in leech bewurkingsfjild.
  2. Typ jo tekst yn, yn it bewurkingsfjild.
    1. Lit de titel werom komme yn de earste sin, of op syn heechst yn de twadde.
    2. Meitsje dy fet. Dat kin sa: '''Dit wurdt fet'''.).
    3. Meitsje yn de tekst keppelings fan wurden dêr't jo graach ek in side oer hawwe wolle. Dat kin sa: [[keppelingswurd]].
    4. Sjoch fierders: Stikken skriuwe yn Wikipedy-styl.
  3. Klik ûnder it bewurkingsfjild op Earst oerlêze: Dan wurdt de foarriedige tekst ôfbylde.
  4. Jo wolle noch wat feroarje? Pas dat dan oan yn it bewurkingsfjild, en klik wêr op Earst oerlêze. Soenen jo it wolle, dan kinne jo op dy wize trochgean oant de fingers jo like lang binne.
  5. Best genôch? Klik op Fêstlizze: De nije ferzje fan de side komt fuortendaalks yn byld.

Dat is al! In melding fan jo tafoeging fine jo op Koartlyn feroare en op Sideskiednis ûnderoan de side. Alle keppelings nei de side dy't jo krekt makke hawwe, binne no fan in fraachteken feroare yn echte blauwe keppelings, wat sizze wol dat de side no tekst hat.

De tekst feroarje fan in side dy't al skreaun is[bewurkje]

  1. Klik op sa'n side op Side bewurkje of Wizigje
  2. Klik yn it bewurkingsfjild en feroarje al wat net itselde bliuwe moat.
  3. Skriuw by Gearfetting wat jo dien hawwe.
  4. Fierders krekt as hjirboppe foar in nije side.

Skriuwe oer in mêd dêr't noch gjin keppeling foar is[bewurkje]

  1. Sjoch op In nije side meitsje


Winken[bewurkje]

  • Allinnich foar oanmlede meidoggers: As jo de ynhâld fan in side net feroare hawwe, mar bygelyks in typflater yn de tekst ferbettere hawwe of soks, dan kinne jo dat oanjaan mei it fakje Dit is in tekstwiziging. Sokke feroarings komme normaal net op de 'Koartlyn feroare' side. Dat betsjut ek dat dy mooglikheid allinnich brûkt wurde moat as der wier neat oan de ynhâld feroare is.


  • Opmerking:
Oars as ta objektivens en feitlike krektens fan de tafoege ynformaasje, binne jo op Wikipedia ta neat ferplichte, net iens ta oanmelden of ynskriuwen. Binne jo net oanmeld ûnder in meidoggernamme, dan stiet der by jo feroarings jo IP-nûmer (Ynternet-kompjûter-identifikaasjenûmer). Hawwe jo jo al mei in namme ynskreaun (fia Oanmelde, boppe-oan eltse side), dan komt dy namme efter jo bewurking(s) en krije jo ek sels in meidoggerside en oerlisside, dêr't jo wat oer josels skriuwe kinne. Troch jo oerlisside kinne oare meidoggers ek wat mear persoanlik oerlis mei jo hawwe.