Deensk/grammatika

Ut Wikibooks
Gean nei: navigaasje, sykje

Stavering[bewurkje]

Alfabet[bewurkje]

It Deensk wurdt skreaun mei it Skandinavyske alfabet. Dit is in Latynske alfabet mei nei de z trije oare letters: Æ/æ, Ø/ø en Å/å. De letters q, w, x en z hearre net ta it Skandinavyske alfabet, mar binne yn it Deensk al yn it alfabet opnaam, om't hja somtiden brûkt wurde yn fremde of âlde wurden.

Geslacht[bewurkje]

It Deensk hat twa geslachten, it mienskiplike geslacht, fælleskøn, en it ûnsidige geslacht, intetkøn. It meartal stiet op himsels, der is mar ien geslacht meartal.

Lidwurd[bewurkje]

It beskaat lidwurd foar it mienskiplike geslacht is "den", en foar it ûnsidige geslacht "det". Foar it meartal is it "de".

Dy lidwurden wurde lykwols allinnich brûkt at der in eigenskipswurd foar it haadwurd stiet:

  • de wite pleats - den hvide gård.
  • it reade hûs - det røde hus.
  • de brune fjilden - de brune marker.

Sûnder eigenskipswurd wurde it beskaat lidwurd taheake oan it haadwurd. Foar it mienskiplike geslacht is dat "-en", foar it ûnsidige geslacht "-et" en foar it meartal "-ne".

  • De pleats en it hûs steane tusken de fjilden. - Gården og huset står imellem markerne.

It ûnbeskaat lidwurd hat ek twa geslachten: foar it mienskiplike geslacht "en", foar it ûnsidige geslacht "et". Dit stiet altiten los; it wurdt nea taheake.

  • in wite pleats - en hvid gård.
  • in read hûs - et rødt hus.
  • brune fjilden - brune marker.
  • In pleats en in hûs steane tusken fjilden. - En gården og et hus står imellem marker.

Eigenskipswurd[bewurkje]

Krekt as by it Frysk, feroaret yn it Deensk it geslacht allinnich de ûnbeskate foarm fan it eigenskipswurd. De beskate foarm eindiget altiten op "-e".

  • de wite pleats - den hvide gård.
  • it reade hûs - det røde hus.
  • de brune fjilden - de brune marker.

Mar by it Deensk binne der trije ûnbeskate foarmen: by it mienskiplike geslacht komt der neat efter, by it ûnsidige geslacht komt der in "-t" efter en by it meartal in "-e".

  • in wite pleats - en hvid gård.
  • in read hûs - et rødt hus.
  • brune fjilden - brune marker.